In reis nei de moanne

Niet op voorraad
ISBN
9789089548405
8,50
Dit product is momenteel niet op voorraad
_ View the alternatives below
Productinformatie
Jules Verne (1828–1905) is in wiid ferneamd skriuwer út 'e njoggentjende iuw. Yn syn romans nimt er syn lêzers mei op fiere reizen, dwers troch Afrika, oer de Russyske steppes, nei de Noardpoal of nei de djipten fan 'e oseaan. Jules Verne kombinearre spannende aventoeren mei boeiende beskriuwings fan lannen en folken. Klassikers as De la Terre à la Lune (In reis nei de moanne), Le Tour du monde en 80 jours (In wrâldreis yn 80 dagen) en Voyage au centre de la Terre (De reis nei it middelpunt fan 'e ierde) hawwe al in soad generaasjes fassinearre, en noch altyd foarmet it wurk fan Jules Verne in boarne fan ynspiraasje foar filmers, skriuwers en reklameburo's. Yn In reis nei de moanne beskriuwt Jules Verne hoe't in bemanne kûgel mei in gigantysk kanon nei de moanne ta sketten wurdt. Net earder yn de literatuerskiednis waarden de natuerkundige en technyske eftergrûnen fan sa'n reis sa sekuer beskreaun. Verne basearde him op aktuele kennis en rôp foar de berekkenings ferneamde wiskundigen te help. De la Terre à la Lune jout dêrtroch in goed byld fan de wittenskiplike stân fan saken yn 1865. De roman hat dan ek tige bydrûgen oan Jules Verne syn reputaasje as grûnlizzer fan de science fiction. Mar efter de wittenskiplike roman binne mear lagen te finen: it ferhaal kin ek lêzen wurde as in skerpe satire op 'e driuw ta dieden fan de Amerikanen en har militarisme. Dizze klassiker is no foar 't earst yn it Frysk útbrocht yn in yntegrale oersetting mei alle oarspronklike gravueres, guon sels yn kleur.
ISBN:
9789089548405
Lees meer Lees minder
Meer informatie
AuteurJules Verne
PublisherElikser B.V. Uitgeverij
Soort boekEbook
Publicatiejaar2016
Schrijf uw eigen review
Recensie achterlatenIn reis nei de moanne
Uw waardering
Het artikel is toegevoegd aan je winkelwagen