Fabryk

Niet op voorraad
ISBN
9789089543943
6,50
Productinformatie
Der is gjin Frysk boek dat sa'n lange en sa'n fûle diskusje losmakke hat as Fabryk (1964). Dêrby gong it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer. Ien fan de opfallendste eleminten yn Fabryk is it idee fan de ik-figuer om in died te stellen om dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt foar de Fryske Raskolnikow in obsesje, dêr't er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. It boek makket as gehiel in ambivalinte yndruk. Oan de iene kant is it leadswier, mar oan de oare krijt it faak krekt dêrtroch wat komysks. Boppedat kinne sênes mei stereotype ideeën ek lêzen wurde as uteringen fan de skriuwer syn nocht oan ûnnocht. Men wit wat dat oangiet net gau wêr't men mei him oan ta is.
ISBN:
9789089543943
Lees meer Lees minder
Meer informatie
AuteurTrinus Riemersma
PublisherTDE
Soort boekEbook
Publicatiejaar2012
Schrijf uw eigen review
Recensie achterlatenFabryk
Uw waardering
Het artikel is toegevoegd aan je winkelwagen