De reuzen wurde wekker

Niet op voorraad
ISBN
9789089549778
7,50
Dit product is momenteel niet op voorraad
_ View the alternatives below
Productinformatie
Yn dit boek besiket Akky van der Veer (1943) al ûndersykjende- en skriuwendewei antwurd te finen op algemien minsklike fragen lykas: Wêrta binne wy op Ierde? Wêrom is der safolle gaos en lijen yn dizze wrâld? Wat kinne wy der meielkoar ta bydrage om de needsaaklike balâns tusken ljocht en tsjuster, tusken goed en kwea, werom te krijen? Net troch de kop yn it sân te stekken, is har stelling. Mar troch moedich te wêzen en de fiergeande manipulaasjes fan de PTB (Powers That Be), dêr't wy yn finzen sitte, ûnder eagen te sjen en reewillich te wêzen dêr wat tsjin te dwaan. 'Allinne as wy wekker wurde út in al tûzenen jierren duorjende sliep en einlings beseffe wa't en wat wy fan oarsprong binne, kinne wy ússels wer befrije,' skriuwt se yn it earste haadstik. Akky van der Veer wol mei 'De reuzen wurde wekker' har nije ynsichten graach mei de lêzer diele. De skiednis fan de Ierde en de minske is neffens har hiel oars as ús altyd foarholden is. Dochs wol se mei klam sizze dat wat foar har 'wier' wurden is, dat foar oaren net sa hoecht te wêzen: 'Elk minske hat rjocht op syn/har eigen wierheid.' Om har eigen syktocht te stypjen en foar de lêzer oannimlik te meitsjen, hat se achter yn dit boek safolle mooglik boarnen opneamd, yn de foarm fan ferwizings nei literatuer, websiden, fideo-ynterviews en Youtube-filmkes. Wa't dat wol, kin dêrom sels ek op ûndersyk gean.
ISBN:
9789089549778
Lees meer Lees minder
Meer informatie
AuteurAkky van der Veer
PublisherElikser B.V. Uitgeverij
Soort boekEbook
Publicatiejaar2017
Schrijf uw eigen review
Recensie achterlatenDe reuzen wurde wekker
Uw waardering
Het artikel is toegevoegd aan je winkelwagen