De lytse kannibaal

Niet op voorraad
ISBN
9789089546586
6,50
Productinformatie
`De lytse Kannibaal is in toanielstik, in tragykomeedzje yn twa bedriuwen, dat Elmar Kuiper skreaun hat foar toanielferiening De Takomst Húns-Leons. It stik waard opfierd op freed 8 en sneon 9 maart 2013 yn doarpshûs de Murdhoun yn Húns en op freed 15 maart yn LOFT yn Boksum. It boek is foarmjûn troch Gert-Jan Slagter en der steane fideostills en swart wyt fotos fan e spilers yn. `De lytse kannibaal slacht op Sjoerd Lautenbach. Syn heit makke him gauris út foar kannibaal, omdat er sa roppich wie en in soad iten op koe. It wie ek syn bynamme as hurdfytser. Sjoerd wûn in soad wedstriden, mar wie net fan it kaliber Merckx, dyt `de kannibaal neamd waard en hjoed de dei beskôge wurdt as de grutste hurdfytser aller tiden. Om syn kondysje wat op peil te hâlden traint Sjoerd yn Healthclub Lautenbach. Dizze club stiet op namme fan syn broer Jehannes. Beide bruorren hawwe amper kontakt mei elkoar. Op in reinige moarn kriget er ynienen in tillefoantsje fan Anastasia, in âld freondintsje en rondemiss út de ronde fan de Takomst. Sy hat it 06 nûmer fan Jehannes krigen en wol graach delkomme. Sy siket Sjoerd op yn e Healthclub en konfrontearret Sjoerd mei it ferline.
ISBN:
9789089546586
Lees meer Lees minder
Meer informatie
AuteurElmar Kuiper
PublisherElikser B.V. Uitgeverij
Soort boekEbook
Publicatiejaar2014
Schrijf uw eigen review
Recensie achterlatenDe lytse kannibaal
Uw waardering
Het artikel is toegevoegd aan je winkelwagen