De frou yn 'e flesse

Niet op voorraad
ISBN
9789089544100
6,50
Productinformatie
Yn De frou yn 'e flesse Wadman syn fyftjinde roman foarmet foar it earst in middelskoalle de eftergrûn fan it ferhaal. Sintraal steane Janneke Brouwer in learares fan fiifentritich jier in oankommend Frysk skriuwster en Joop alias Jip Koster in eineksamenkandidaat fan njoggentjin. Jip hat oare takomstplannen as wat syn heit in ferneamd musikus mei him foar hat. Janneke en Jip skriuwe om en om in haadstik Janneke yn it Frysk yn har oantekenboek Jip yn it Nederlânsk yn brieven oan syn mem yn it bûtelân. Op 'e eftergrûn spylje behalve de heit ek oaren in rol bygelyks Jip syn mem en Janneke har freondinne de lesbiennne Justine. Allegear krije se yn it jier dat de roman beslacht in krisis yn har bestean te ferwurkjen. Ek it lot fan de Fryske taal komt yn dizze roman op it aljemint. Wat de literêre foarm oangiet siket de skriuwer yn dizze roman nei nije wegen. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste út 1988. Wa't der gjin parody yn sjen kin of wol op it modieuze sjenre fan de `skoalleroman' ('t Hart Siebelink Abma) kin it boek ek lêze as it boeiende ferslach fan in frou op in kearpunt yn har libben: yn de flesse sitten bliuwe of derút. Tsjerk Veenstra yn Frysk en Frij Yn de roman lit Wadman wer ris sjen dat er in fakman is. Rients de Boer yn it Friesch Dagblad
ISBN:
9789089544100
Lees meer Lees minder
Meer informatie
AuteurAnne Wadman
PublisherTDE
TaalFries
Soort boekEbook
Publicatiejaar2012
Schrijf uw eigen review
Recensie achterlatenDe frou yn 'e flesse
Uw waardering
Het artikel is toegevoegd aan je winkelwagen