De bijekening

Niet op voorraad
ISBN
9789089543974
7,00
Productinformatie
Bouwe Caesar Hommema, in wat twiveleftige profeet, is in nijljochter dy't stúdzje makket fan it bijefolk. Hy siket it geheim fan har perfekte wurkferdieling en wûnderlik goed regele libben én stjerren. As hy dat geheim ûntriedselje kin, wol er dat ek op de minskemaatskippij tapasse. Hommema is in man mei in geniale ynslach, mar hy rekket yn betizing. De bewenners fan Trimbeets, it doarp yn de súdlike Wâlden dêr't it ferhaal spilet, besykje him sa goed mooglik te heinen en te kearen. Hommema syn foarbyld is Pjotr Kropotkin, ien fan de foaroansteande tinkers fan it anargisme, foar wa't it elkoar helpen fan minsken de basis wie fan syn maatskippijfizy. De skriuwer sketst neist it ferhaal fan Hommema in breed panorama fan de maatskiplike ferhâldingen yn Trimbeets yn de jierren tusken de beide oarloggen. Foar De bijekening krige Van der Schaaf yn 1983 de Gysbert Japicxpriis. Dizze tredde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1981. De fine nuânses fan doarpske ferhâldingen hawwe yn Van der Schaaf in treflike notulist. Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad It is Van der Schaaf nei ús betinken treflik slagge, om in stik Europeeske maatskiplike en geastlike problematyk te beskriuwen yn Fryske persoanen en tsjin in Fryske achtergrûn, sûnder dêrmei de delstap te meitsjen ta it provinsjale yn 'e negative sin. It boek falt krekt op troch it ûnprovinsjale. Advyskommisje Gysbert Japicxpriis
ISBN:
9789089543974
Lees meer Lees minder
Meer informatie
AuthorSjoerd van der Schaaf
PublisherTDE
Binding MethodEbook
Year of Publication2012
Schrijf uw eigen review
Recensie achterlatenDe bijekening
Uw waardering
Het artikel is toegevoegd aan je winkelwagen