Boeken en bern ferskaat yn berneliteratuer

Op voorraad
ISBN
9789492052025
25,00
Productinformatie
Dit boek jout in byld fan wat de beide begripen Boeken en bern mei elkoar te krijen hawwe. It begûn mei foarlêzen en it rûn út op stúdzje, skriuwen en oersetten. Stúdzje en ûndersyk leveren sadwaande artikels en boeken op. In tal fan de artikels dy't de ôfrûne tritich jier yn tydskriften ferskynden, hawwe yn dit boek in plak fûn. Sa jout dit gehiel in byld fan wat der yn dat tiidrek allegear te rêden wie yn berneboekelân, it Fryske sawol as it Nederlânske. Dêrby waard ek oer de grinzen sjoen.

Jant van der Weg (1939) wurke oan de Fryske Akademy en skreau oer berneliteratuer yn it Friesch Dagblad. Dêrneist sette se berneboeken oer en skreau se ferskate artikels en boeken. Fan hantsjeklap en sûkerbak stie op de Honourlist fan IBBY (International Board on Books for Young People). Yn 2000 promovearre se mei in proefskrift oer Fryske bernepoëzij. Foar har ynset op it mêd fan berneliteratuer krige se yn 2007 de Hiëronymus van Alphen Prijs en waard se yn 2014 útroppen ta earelid fan IBBY.
ISBN:
9789492052025
Lees meer Lees minder
Meer informatie
AuteurJant van der Weg
PublisherWijdemeer Louw Dijkstra
TaalFries
Soort boekHardcover
Publicatiejaar2014
Schrijf uw eigen review
Recensie achterlatenBoeken en bern ferskaat yn berneliteratuer
Uw waardering
Het artikel is toegevoegd aan je winkelwagen