• Home
  • / Fier fan alle drokte - Thomas Hardy

Fier fan alle drokte

 

Auteur: Thomas Hardy

Nederlands - eBook (EPUB)

351 pagina's  |  Elikser B.V. Uitgeverij  |  juli 2018

Deel dit artikel


Direct te downloaden

Prijs: € 9,50

Geen bezorgkosten

In winkelwagen Toevoegen verlanglijstje

ANDERE VARIANTEN:

Fier fan alle drokte | Thomas Hardy

Fries - Paperback | juli 2018

Prijs: € 28,25

BESCHRIJVING

Far from the madding crowd (1874) is it fjirde boek fan Thomas Hardy en it earste dat echt sukses hie. It boek spilet op it plattelān yn it sśdwesten fan Ingelān, mei fiktive plak- en streeknammen. It is yn sekere sin in 'boereroman', mar dan wol heel oars as de Fryske boereromans fan foarhinne. It is ek in leafdesferhaal, dat, oars as yn bijgelyks in letter boek fan him dat ik yn it Frysk fertaald haw, Tess fan de D'Urbervilles, 'goed' ōfrint - mar dan binne der earst toch wol in pear skokkende dingen gebeurd. Wat nettsjinsteande dat toch opfalt is de luchtige humor, dy't yn syn lettere, inktswarte boeken ūntbrekt. De haadpersoanen binne Bathsheba Everdene en Gabriėl Oak. Bathsheba wurdt daalk oan it begjin al foarsteld as in heel kreaze, mar tefolle mei harsels ynnommen jonge frou. De evenredige jonge skieppeboer Gabriėl, dy't har as earste as frou ha wol, wurdt ōfwiisd. Neidat hij letter al syn skiep troch in ūngelok kwyt rakke en fallyt gongen is, en Bathsheba de pleats fan har omke urven hat, treffe se inoar wer, mar dan yn de relaasje fan feint en bazinne. As Bathsheba yn in healwize opstiging in Falentynskaart oan har wat āldere buorman stjoert, de frijfeint Boldwood, bringt se sūnder it te bedoelen in proses op gong dat rare gefolgen krijt. Bathsheba, de ritige en wat oerflakkige bewūnderaarster fan in man syn būtenkant, trout śteinlik mei de kreaze en sjarmante, mar leechhollige sersjant Troy. Foardat Bathsheba en Gabriėl elkoar lang om let 'krije', gebeure der op dat kalme plattelān nuvere dingen. Bathsheba, yn sekere sin de feroarsaakster dźrfan, no einlings wat wiis wurden, en slim mei de sitewaasje ferlegen, kin dan net oars as om sels yn in prachtige en yn subtile taal beskreaune sźne Gabriėl te freegjen om har man te wurden. Sa is de sirkel fan dit boek rūn. Far from the madding crowd is śt in rigel yn in ferneamd gedicht fan Thomas Gray śt 1751, dat de rźst en evenredigens fan it plattelān beskriuwt; mar dy rźst en evenredigens binne yn dit boek mar skyn. Dy titel is dźrom frij iroanys. It boek, dat ferskillende kearen moai ferfilme is, hat yn it Frysk de titel krigen Fier fan alle drokte. It is in beskriuwing, seit Hardy sels, fan in Ingelse plattelānskultuer dy't yn syn tiid al hurd oan it ferdwinen wie.

MEDIA

DETAILS

Auteur(s)Thomas Hardy
VertalerGeart fan der Mear
Soort boek eBook, 351 pagina's
Bestandstype EPUB
Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij , Verschijningsjaar: 2018
ISBN-13 9789463650762
ISBN-10 9463650768
Taal Nederlands

JE VINDT DIT BOEK IN:

Categorieën Literatuur  >  Romans
Literatuur  >  Romans
Themashops Themashops  >  Onder de 10 euro
De vier beloften van AKO:


1. Niet goed, geld terug

2. Bezorging waar jij dat wilt: thuis, op werk of in een filiaal

3. Veilig betalen met onder andere:
   

4. Snelle bezorging:



Vragen?
Neem contact met ons op!
Geen artikel  € 0,00
Laden...