• Home
  • / Reedride op ględ iis - Josse de Haan

Reedride op ględ iis

űnder de fearren fan 'de pauw' 

Auteur: Josse de Haan

Fries - Paperback

376 pagina's  |  Elikser B.V. Uitgeverij  |  januari 2016

Deel dit artikel


Op werkdagen voor 22:45 uur besteld, morgen in huis

Prijs: € 24,50

Geen bezorgkosten

In winkelwagen Toevoegen verlanglijstje

BESCHRIJVING

Dizze bondel ferheljend en polemysk proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays, analyzes, anarkys, kollaazjes, ensfh. is de fjirde yn de rige eigen wurk dy't Josse de Haan sűnt 2005 gearstald hat - Kastanjes Poffe (2005), Kidelstiennen heine en slaan (2007), Frozen moonlight yn myn hannen (2013) en no dan Reedride op ględ iis. Dit boek befettet op 'e nij literatuerhistoarje - oer de ôfrűne fyftjin jier (sűnt Piksjitten op Snyp op 9-9-'99 ferskynde). It jout nij wurk, c.q. nea publisearre, en artikels út űnderskate papieren en digitale tydskriften. In pear binne yn boeken ferskynd. Brieven oan (literęre) freonen en reaksjes op mails en blogs oer literęre űnderwerpen jouwe wat mear sicht op it literęre bedriuw sa't him dat yn syn eagen de ôfrűne desennia űntwikkele hat. De kampanjes om Piksjitten op Snyp hinne kinne ferhelderjend wurkje, en jouwe in sicht op de net altiten transparante en koosjere hâlding fan ynstitúsjes, kommisjes en guon persoanen. Syn wurk, sawol primęr as sekundęr, is de delslach fan it libjen yn twa talen, yn twa kultueren, en no - nei in fyftjin jier libjen yn in seistal talen - is it noch breder wurden. Oan primęr poëzywurk is opnommen in rige fan 37 fersen en 14 anarkys (fisuele poëzy). Twa nea publisearre ferhalen ferskine yn dit boek. Brieven oer literatuer oan kollega's/freonen, gedichten oer en oan freonen/dinnen en besprekken fan wurk kompletearje de bondel. De fjouwer útjeften mei foaral sekundęr wurk jouwe in byld fan de Fryske literatuer fan de ôfrűne jierren troch syn eagen, beskriuwe ek de tűkelteammen dęr't je as skriuwer yn in lyts taalgebiet mei te krijen hawwe. De oergeunst ek. WINTERWILLE iisbaan glimt as flakstrutsen folle moanne - laket reedrider streket fan lofts nei rjochts - dűnset winterlűd sjit yn kadâns oer skaden - resonearret bűgde ręch teart skouders linich yn 'e foarm - faasje twa izers snije fearkjend oer de iisplaneet - ritmyk 45-gradebocht tilt rjochterskonk oer lofter - lykwicht rappe rider heakket ręde rydster oan syn earm - iispearke

MEDIA

DETAILS

Auteur(s)Josse de Haan
Soort boek Paperback, 376 pagina's
Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij , Verschijningsjaar: 2016
ISBN-13 9789089548320
ISBN-10 9089548327
Taal Fries
De vier beloften van AKO:


1. Niet goed, geld terug

2. Bezorging waar jij dat wilt: thuis, op werk of in een filiaal

3. Veilig betalen met onder andere:
   

4. Snelle bezorging:



Vragen?
Neem contact met ons op!
Geen artikel  € 0,00
Laden...