• Home
  • / Foar de lins - Paulus Akkerman

Foar de lins

 

Auteur: Paulus Akkerman

Onbekend - eBook (EPUB)

203 pagina's  |  Elikser B.V. Uitgeverij  |  december 2014

Deel dit artikel


Direct te downloaden

Prijs: € 7,00

Geen bezorgkosten

In winkelwagen Toevoegen verlanglijstje

BESCHRIJVING

De ferhalen `Foar de lins fan Paulus Akkerman yn de `Sneon en Snein-bylage fan de Ljouwerter Krante ha fan 'e miet ōf oan - dat wie 9 oktober 1965 - in grut en tankber lźzerspublyk fūn. Net allinne de ālderein, dy't harsels faken werom fynt yn dizze ferhalen, is der sljocht nei, mar ek de jongerein, want Akkerman is in smoute forteller en in skerpe opmerker, ek fan de moderne tiid. Paulus Akkerman nimt yn syn ferhalen de minske foar de lins. Benammen de lytse man, de ferhūddūke minske, dy't tamtearre en gnjirde wurdt troch de maatskippij, dy't te lider slein wurdt troch libben en lot, dy't net mear past yn `it systeem, dy't der oer rekket. It binne boer en arbeider, winkelman en skipper dy't it paad romje moatte foar sanearing, ruilferkaveling, krotopromming, yndustrialisaasje en śtwreidingsplannen. Hy tekent dy minske op 'e drompel fan de ālde nei de nije tiid mei in skerp each foar it detail, mei in tūk ear foar it praat fan `gewoane minsken en mei in mylde, faken wat mankelike humor. De skilder P.H. van Asperen śt Ljouwert hat sfear en toan fan Akkerman syn ferhalen tige goed oanfield en treflik fźstlein yn syn tekeningen. Hy is sels 73 jier en kin dus de tastannen en figueren, dy't Akkerman beskriuwt, śt 'e pinne. Syn `Evert winkelman op it omslach is wol symboalysk foar de minsken, dy't yn dit boekje foar de lins lāns komme. Mei dizze kar hopet de Ljouwerter Krante de tūzenen lźzers fan `Foar de lins in deugd te dwaan en tagelyk in lyts minsklik dokumint to jaan fan in Fryslān, dat sa hurd oan it feroarjen is. Paulus Akkerman (1908 - 1982) groeide op yn in ienfāldich, grifformeard middenstānsmiljeu en wie bakker yn Marrum en kassier fan in bank op Skiermūntseach. Hy wie in tige populźre folksskriuwer en publisearre san tweintich romans en hūnderten sketsen, kursyfkes en koarte ferhalen. Yn 1971 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman It roer śt hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende.

MEDIA

DETAILS

Auteur(s)Paulus Akkerman
Soort boek eBook, 203 pagina's
Bestandstype EPUB
Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij , Verschijningsjaar: 2014
ISBN-13 9789089543684
ISBN-10 9089543686
Taal Onbekend

JE VINDT DIT BOEK IN:

Categorieën Literatuur  >  Verhalen
De vier beloften van AKO:


1. Niet goed, geld terug

2. Bezorging waar jij dat wilt: thuis, op werk of in een filiaal

3. Veilig betalen met onder andere:
   

4. Snelle bezorging:



Vragen?
Neem contact met ons op!
Geen artikel  € 0,00
Laden...