• Home
  • / Tess fan de D'Urbervilles - Thomas Hardy

Tess fan de D'Urbervilles

 

Auteur: Thomas Hardy

Fries - Paperback

443 pagina's  |  Elikser B.V. Uitgeverij  |  juni 2010

Deel dit artikel


3 tot 5 dagen

Prijs: € 28,25

Geen bezorgkosten

In winkelwagen Toevoegen verlanglijstje

BESCHRIJVING

Tess is bij it begjin fan it ferhaal in ienfâldich kreas famke fan 16 jier út in ienfâldich plattelânsfermidden yn it suden fan Ingelân. Har libben nimt in hiel oare kear as de dűmny har heit John Durbeyfield ynienen Sir John neamt. Hy fertelt him dat er út it laach fan de âlde ridderfamylje fan de dUrbervilles komt. Har heit en mem krije dęrtroch in hiel oar perspektyf op har libben en harren prachtige dochter Tess wurdt ynset om de kontakten mei de rike famylje wer oan te heljen. It wurdt lykwols har űndergong.
Tess wurdt fergriemd tusken de twa utersten fan de Viktoriaanske (manljus)moraal, dyt oan de iene kant de frou as (lust)objekt beskôget en oan de oare kant as wat űnmooglik suvers en ferhevens. Se is fansels gjinien fan beide, mar wurdt mei oare wurden wól beoardiele neffens wat se yn de eagen fan de manlike taskôger is en net neffens wat se werklik sels is en węze wol. Sat se sels sa likernôch seit: men moat mij net beoardielje neffens wat der tsjin myn sin mei mij dien is (se wurdt ferlieden troch har earste minnaar, Alec), mar neffens wat ik séls fan myn libben meitsje wollen hie, as ik dy kâns mar hân hie.
Har houlik mei Angel (dyt net om e noch sa hjit) rint de earste jűn al op e non as se, nei syn bekentenis fan seksueel kontakt mei in oar foár har, ek har eigen ferhaal opbychtet: wat de man Angel as fanselssprekkend ferjűn wurdt, ferjout er har nét, omdat se foar him fan har fuotstik fallen is as suver en ferheven ideaal. As Angel nei in jier ta ynkear kommen is en mei har yn it lyk komme wol, is it te let: se hat troch de earmoed fan har mem en broerkes en suskes twongen west om de maitresse te wurden fan har rike ferlieder, Alec.
Tess of the d'Urbervilles: A Pure Woman Faithfully Presented fan de ferneamde Ingelske skriuwer Thomas Hardy (1840-1928) ferskynde foar it earst yn boekfoarm yn 1891, neidat it swier fatsoenearre yn ôfleveringen ferskynd wie yn it tydskrift The Graphic. It boek is ferskillende kearen suksesfol ferfilme en hat ferline jier noch op de BBC te sjen west as prachtige searje. It boek is fansels neffens de foarm 19-ieusk, mei syn wat wiidweidige ferteltrant, mar neffens tematyk fan alle tiden.

MEDIA

DETAILS

Auteur(s)Thomas Hardy
VertalerGeart fan der Mear
Soort boek Paperback, 443 pagina's
Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij , Verschijningsjaar: 2010
ISBN-13 9789089542267
ISBN-10 9089542264
Taal Fries
De vier beloften van AKO:


1. Niet goed, geld terug

2. Bezorging waar jij dat wilt: thuis, op werk of in een filiaal

3. Veilig betalen met onder andere:
   

4. Snelle bezorging:



Vragen?
Neem contact met ons op!
Geen artikel  € 0,00
Laden...