• home
  • / Fleane, fleane, fûgelfrij - Sybrig Martens

Fleane, fleane, fûgelfrij

 

Fleane, fleane, fûgelfrij - Sybrig Martens

Auteur: Sybrig Martens

Nederlands - Paperback

152 pagina's  |  Elikser B.V. Uitgeverij  |  juni 2008

Deel dit artikel


Op werkdagen voor 16:00 uur besteld, morgen in huis

Prijs: € 15,00

Geen bezorgkosten

In winkelwagen

BESCHRIJVING

Sybrig hat harsels altyd sjoen as in sneinsbern. Dingen barden op it goeie momint en it goeie plak. Alles liket goed te gean…

“En dan komt dat momint datst tinkst: ik bin op hol slein, de holle, it hert en myn hiele dwaan en litten… Dit boek giet oer hoe’t ik mysels ôfremme, yn balâns krige, alles wer goed op inoar ôfstimde. Ik ha noait witten dat dat sa sear die en sa aaklik fiele koe. Oerspand, dat oerkomt oaren, mar my dochs net?
Yn de earste wiken dat ik thús wie fan myn wurk, ripe stadich it plan om der oer te skriuwen. Myn dreamen skriuwde ik al op, omdat se sa helder en dúdlik wiene(n wisse) yn dy perioade en al gau besleat ik dat dy dreamen de trie yn myn ferhaal wurde soenen.”

“...en ik gean nei bûten ta al fleanend. Frij fiel ik my, mar dan is it ynienen krekt of ha ik neat mear oer myn eigen fleanerij te sizzen. Ien of oare krêft sûget my mei in rotgang omheech, sa fluch kin ik noait fleane. Prachtige lânskippen sjoch ik ûnder my, heuvels, bergen mei snie, rivieren, is dit noch wol Nederlân? Dit is my fierstente heech. Ik wol net nei de himel of in oare planeet. Kin ik eins noch wol fleane? Ik driuw mar wat, aansens begjin ik te fallen...”

Yn earlike bewurdingen en yn soepele styl, beskriuwt Sybrig wat har allegear oerkaam en hoe’t dat fielde. It jout in tige ferhelderjend ynsjoch yn in proses dat in protte minsken sels ek meimakke hawwe of by oaren sjoen ha. Omdat se it goed ûnder wurden bringe kin en harsels skerp yn byld hat, stiet it de lêze as fansels hiel nei. In knappe prestaasje, benammen by sa’n persoanlike ûnderfining.

RECENSIES (0)

DETAILS

Soort boek Paperback, 152 pagina's
Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij , Verschijningsjaar: 2008
ISBN-13 9789089540300
ISBN-10 908954030X
Taal Nederlands

JE VINDT DIT BOEK IN:

Categorieën Literatuur  >  Waargebeurde verhalen

BOEKEN DIE JE EERDER BEKEKEN HEBT

Geen artikel  € 0,00